laden...
 

Nij-Seelān!

Wolkom op myn site!

Klear mei de Pabo en de gymkursus, noch gjin fêst wurk, koartom: it momint om in pear moanne nei it bûtenlân te gean!!

Fan 14 jannewaris oant 10 april gean ik mei Lutske nei Nij-Seelân om der te backpacken!
Op dizze site wol ik jim op de hichte hâlde fan ús aventoeren der!

De foto's stean op: lutskenieuwzeeland.mijnalbums.nl

Ohja, wat ik fun ha oer it beljen:

Bellen naar Nieuw-Zeeland - naar mobiel
Bel 0900-50.50.272 (15 cpm) en wacht op de welkomst boodschap.
Bel het volledige nummer in Nieuw-Zeeland (0064 212017692)
Sluit af met een hekje (#)

Hald wol efkes rekkening mei de 12 oeren ferskil! :P

Groetnis, Annie




JAN
15

Hoi!

 

Hjir alfast efkes in berjocht foar de nijskjirrigen under jim!

We moatte no 7 oeren op it fleanfjild yn Osaka wachtsje en binne der krekt achter dat we sa op internet kinne!

We ha in goei reis fan 11 oeren han, mei al wat in koarte nacht.. Ek omdat we tsjin de tiid yn fleinen. Ik tink dat ik sa n healoerke slipt ha. Mar dan wol it fannacht fast wat better! wink.gif

 

We sieten by it rut dus koenen moai wat foto s meitsje. Doe t we oer Fryslan fleinen ha we noch efkes oan jim wuifd!

 

It iten de juns wie al wat oars as oars (kalde noodles mei fisk en in glibberich puddinkje nei) mar ik hie wol sin oan wat, dus dan weachje je der wol oan!

 

Nei de landing like it us ferstandich om as leste ut te stappen, want we hienen toch alle tiid! Mar doe:t we utstapten, wienen alle minsken al fuort! Dus wisten we ek net wer t we hinne moesten.. It like wol oft hiel Japan utstoan wie!

Doe bin we mar yn in soart shuttle (in soart fan automatische tram) stapt, mar dat sjitte net echt op want dy gong ien halte fierder en doe wer werom. Dan mar rinne!

Nei wat omsweeven ha we toch in man fun dy t us it paad wize koe.

 

It tiidsferskil is wol frjemd! No is it hjir kertier foar 3en middeis en by jim kertier foar 7en moarns!

 

Lutske en ik falle hjir wol aardich op qua lengte! We binne gemiddeld sa n twa en in heale kop grutter as de minsken hjir!

 

No wy sille efkes in hapke ite.

 

De groeten der!!

Luts en Annie

Delen op Hyves

Careplus







Typ de code uit het plaatje hierboven over. Zo houden we spammers tegen
Smile Wink Cool Razz Confused Shocked Huilen redface

pake en beppe Frjentsjer

Geplaatst op 16 januari 2009

niiskierich, sukses. P

mieke

Geplaatst op 16 januari 2009

Hallo Annie en Lutske,

Krekt efkes op dyn site sjoen, leuk hjer!!
Hiel protte succes en wille.
Groeten Mieke

Annelies

Geplaatst op 16 januari 2009

Hoi Annie en Lutske,

Jimme binne d'r no fest al. Ik winskje jimme in hiele protte wille ta en fyn it hartstikke leuk om de ferhalen wer te folgjen.

Groetnis ut Terherne
Annelies

jehanne

Geplaatst op 16 januari 2009

Hoi froulju, bedankt foar it sms-ke, no witte we dat jim te plak binne, en dat jim Thomas fûn ha. It iten is grif lekkerder as yn it fleantúch. mem

jehanne

Geplaatst op 15 januari 2009

Ik ha noch even sjoen foardat wy op bêd gean....It is by jim no dei, nuver. Moarnier mar wer ris sjen
Mem

Herman Sytema

Geplaatst op 15 januari 2009

Wat binne jim in skoft ^undeweis. Wy hawwe hjir al in dei h^an en dan binne jimme der noch net. No hooplik al. Earst marris in lekkere nacht sliepe. En dan it avontoer mar yn.... hearlik.

Groetnissen fan Herman

Mats

Geplaatst op 15 januari 2009

Hahaha hie ek net oars ferwachte, goh wat sil luts har grut fjilt ha!
No alwer hele belevenissen dus.. Moai sa..
Ik hoop dat jim dr no hast wol binne! Wat in rotein sis, onfoarstelbaar.
No ik sil ff nei sibrandebuorren balje..

Tut
mats

esSie*

Geplaatst op 15 januari 2009

Hahaaaa Annie,
Dus al healwei!! Nou noch ff folhalde dan en dan komme jim yn it paradys!!
Ik sil geskiedenis tariede
Das oare koek!!
groeten Esther

Jo-ann

Geplaatst op 15 januari 2009

Sa, dus de earste ervaring al mei makke
Leuk man, dus lytse minskes der hahaha.
Suskes mei it leaste stikje fleane, op nei it moaie waar!

Gr Jo-ann

Baukje

Geplaatst op 15 januari 2009

Moai dat de reis goed ferrint..."efkes" wachtsje en dan de twadde stap...op nei Ny Sélan!
In soad wille tawinske en hooplik is it iten der better!

M.Sytema

Geplaatst op 15 januari 2009

Wat moai de beide ferskillende berjochtsjes. It earste aventoer sit der al op. Yn Nij-Seelân sille wol mear folgje.
Grotnis pake en beppe fan Lutske.

sietske

Geplaatst op 15 januari 2009

Hoi Annie en Lutske
Hiel fijn om wat fan jim te hearren.Lutske ek bedankt foar it mailtsje.Moai sa trochgean.Op nei Auckland.

mem

Geplaatst op 15 januari 2009

Hoi Annie, fannemoarn drekt de kompjoeter mar oan, en je, in bericht. Moai! No mar wer fierder nei Auckland

Jeltje

Geplaatst op 15 januari 2009

Heech IPH gehalte dus, ik soe der mar fan PROFITERE. Fryslân is kald, klam en iensum sûnder jim

Klaas

Geplaatst op 15 januari 2009

Leuk om no al wat te hjearen Annie, succes mei wachtsjen!


Jouw reisweblog?

.shareyourstory.nl

Wat is jouw allerbeste foto? Deel hem nu op MyBestShot.com

Mijn reizen

Nij-Seelān

Nieuw-Zeeland

01-04-09 : De tiid fleant at je wille ha..

Nieuw-Zeeland

27-03-09 : No't it noch kin..

Nieuw-Zeeland

20-03-09 : Achternei sitten troch in seeleeuw....

Nieuw-Zeeland

05-03-09 : Hostel hoppe en hynsterride

Nieuw-Zeeland

28-02-09 : Helihike!!!

Nieuw-Zeeland

20-02-09 : Net altyd nei de bussjauffeurs lusterje!

Nieuw-Zeeland

13-02-09 : Fan't kleaster nei de gefangenis...

Nieuw-Zeeland

11-02-09 : Op nei't Suden!

Nieuw-Zeeland

03-02-09 : It ferhaal foar de 2e kear..

Nieuw-Zeeland

28-01-09 : Beroemde famylje op posters yn Waitomo!

Nieuw-Zeeland

20-01-09 : Hole in the Rock, wer ris wat oars as Martsens gat! :P

Nieuw-Zeeland

17-01-09 : Drekt al bekenden!

Japan

15-01-09 : Efkes yn Osaka!

Nederland

19-12-08 : It giet oan!!

Staazje Zambia

Mailinglist

Houd me op de hoogte van Annie's nieuwe berichten!


Geef Annie meer ruimte!

Fotoruimte Het ideale cadeau voor de reiziger: meer ruimte voor foto's! Al vanaf € 9,95! Geef Annie extra ruimte!

Hoe druk is het?

Er zijn 3 bezoekers online.
Vandaag zijn 9 mensen geweest.